Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Kandidaat City of Literature

Ljouwert-Fryslân stelt him mei oertsjûging kandidaat as UNESCO City of Literature! Graach slute wy ús oan by de 28 stêden dy’t dy titel al drage om – bliuwend – diel út te meitsjen fan dat kreative netwurk.

As City of Literature wolle wy literatuer (noch) better ûntslute, (minderheids)talen en ferhalen útljochtsje en mei help fan oersettings in dialooch op gong bringe. Mei de ûnderfining fan ûnder oare Lân fan taal yn ‘e bûse binne der moaie plannen smeid. Wy tinke dat City of Literature in titel is dy’t Ljouwert-Fryslân tige goed past. It fertellen fan ferhalen en it skriuwen yn de eigen taal sit ommers yn ús DNA!


Op dizze side fynst de plannen fan de kandidaatstelling én kinst de Lân fan taal-projekten en -aktiviteiten weromfine.